Te min OK-personiel

15 jul 2003 - 00:00

Hast trijekwart fan de sikehûzen yn Nederlân hat te min OK-persoaniel. Operaasjekeamers bliuwe ticht en minsken kinne net holpen wurde.

De sikehuzen yn Ljouwert en Harns litte in útfal sjen fan 10 oant 15%. Troch mear personiel oan te nimmen moat dit tebekkrongen wurde nei 3%. Ek yn oare Fryske sikehûzen binne der soargen foar de takomst. It sikehûs yn Snits hat meikoarten sân ekstra personielsleden nedich op de operaasjekeamers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)