Te min oanmeldings alkoholslot

13 apr 2010 - 12:08
  • Der binne te min Friezen dy't meidwaan wolle

Der binne noch hyltiid te min oanmeldings foar it ûndersyk nei it alkoholslot yn Fryslân. Begjin april waard de oanmeldingstermyn al ferlingd, mar dat hat neat opsmiten. De pilot sil dêrom útwreide wurde mei de provinsjes Grinslân, Drinte, Flevolân en Utrecht.

Dat is moandei besletten troch de belutsen deputearren en it ministearje fan Ferkear en Wettersteat. De oare provinsjes sille fierder net belutsen wurde by de organisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)