Te min klaairomte by sporthal

14 sep 2000 - 13:28

De nije sporthal yn Burgum hat te min romte om te ferklaaien. Trije groepen skoalbern kinne de hal tagelyk brûke. Dêr binne seis romtes foar nedich, foar jonges en famkes apart.

Der binne lykwols fjouwer klaaikeamers. Om it probleem op te lossen, wurdt in oar lesroaster makke. Mooglik kin gebrûk makke wurde fan de romtes by it swimbad, dêr't de sporthal oan fêstboud is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)