Te min jild: sinteklaasyntocht Balk dit jier foar it lêst

30 okt 2015 - 10:58

De sinteklaasyntocht yn Balk is dit jier foar it lêst. Neffens de Stifting Sinterklaasintocht Balk komt der net genôch jild binnen om it feest noch langer hâlde te kinnen. Feroaret der neat, dan heft de stifting himsels yn maart 2016 op.

It bestjoer hat dat beslút naam nei in fergadering mei de winkeliers tongersdeitejûn. Dêr waard dúdlik dat de partijen gjin as te min jild yn it evenemint stekke wolle. Neffens Alex Schilstra wize alle partijen nei mekoar. De kommende yntocht wurdt mei de lêste reserves betelle.

Der kamen de lêste jierren tûzenen besikers nei de yntocht op De Luts yn it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)