Te min jild Nijefurd foar diken

05 des 2003 - 00:00

Nijefurd hat net genôch jild foar it ûnderhâld fan de diken yn de gemeente. De gemeente hat in tekoart fan ûngefear in miljoen euro. Dat wurdt feroarsake troch efterstallich ûnderhâld. Ek is de grûn yn de gemeente minder stabyl, mei as gefolch dat de draachkrêft fan de diken minder wurdt.

Foar it ûnderhâld is nochris 120 tûzen euro ekstra nedich. B en W wolle no tastimming fan de gemeenteried om in heal miljoen út de reserves te brûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)