'Te min jild foar Waadakademy'

21 des 2005 - 16:32

Heechlearaar seebiology Wim Wolff fan de Rijksuniversiteit Groningen sjocht neat yn de komst fan in Waadakademy. It Ryk stelt fierstente min jild beskikber om de ambysjeuze plannen wier te meitsjen, seit Wolff.

Nijpels freget jierliks 1,5 miljoen euro fan it Ryk, mar minister Dekker fan VROM wol net fierder gean dan 1 miljoen. Dêrmei sil de Waadakademy de regio-status net ûntgroeie, tinkt Wolff. Der soe 3 miljoen nedich wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)