Te min jild foar tsjerke Raard

17 feb 2007 - 08:09

De stifting dy't him dwaande hâldt mei de restauraasje fan de tsjerke yn Raard hat grut ferlet fan sinten. Foar it opknappen fan de tsjerke is goed 700.000 euro nedich. Omdat de stifting al jild fan de oerheid krigen hat, wurdt net mear op in soad jild út dy hoeke rekkenene. De hoop is no fêstige op jeften fan partikulieren.

Freed waard in plan fan oanpak foar de tsjerke presintearre. Under oare it oargel en de toer moatte oanpakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)