Te min jild foar rekkenkeamer

15 mrt 2009 - 10:50

De rekkenkeamerkommisje fan Frjentsjerteradiel krijt noch altyd te min jild om syn wurk echt goed te dwaan. Dat stiet yn it jierferslach oer ferline jier. De rekkenkeamer kontrolearret de gemeente.

Der is alle jierren 26.000 euro beskikber. Dêrfan moatte eins twa undersiken yn it jier dien wurde, mar neffens de rekkenkeamer slagget it no net om dêr goeie, djipgeande, ûndersiken fan te meitsjen. Eardere fersiken om mear jild ha net holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)