Te min jild foar greidefûgels

30 jun 2009 - 11:48

It greidefûgelbelied driget op neat út te rinnen as it Ryk net mei genôch jild komt foar it behear fan greidefûgelgebiet. Der is de ôfrûne jierren nei yngripen fan de Twadde Keamer miljoenen euro's ekstra stutsen yn in opkrikplan foar de greidefûgels yn benammen Fryslân, mar dat hâldt op.

Troch te min finansjele middels driget dit plan no te mislearjen, seit Ernst Oosterveld fan ekologysk ûndersyksburo Altenburg & Wymenga.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)