Te min jild foar Fryslân

27 sep 2011 - 17:11

Steatssiktaris Veldhuijzen van Zanten fan folkssûnens jout ta dat Fryslân te min jild krijt foar ferpleechhússoarch Se skriuwt de Twadde Keamer dat ûndersocht wurdt hoe't it soarchjild better ferdield wurde kin oer it lân. Begjin 2012 falt in beslút.

De steatssiktaris reagearret op de opnamestop by soarchynstelling Plantein, dêr't in skoft gjin nije pasjinten opnaam wurde koene omdat it ryk al jierren te min jild beskikber stelt foar de soarch yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)