Te min hierwenten Achtkarspelen

02 maaie 2003 - 00:00

Der binne fierstente min goedkeape hierwenten yn Achtkarspelen. 868 minsken sykje om in wente en der binne 100 urgente gefallen. It giet faak om echtpearen dy't út inoar geane of om bern dy't net langer mear thús wenje kinne of wolle.

De krapte komt omdat tal fan minsken net ferhúzje omdat keapwenten te djoer binne. De gemeente grypt lykwols net yn en wol hierders sa fier krije dat se dochs ferhúzje nei in keapwente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)