Te min Fryske boeken 6-16 jier

24 feb 2012 - 10:41
  • Boeken biblioteek

Der binne te min goede Frysktalige boeken foar jongerein tusken seis en sechtjin jier. Dat seit de steatefraksje fan de FNP yn fragen oan deputearre Jannewietske de Vries.

Neffens de FNP docht de provinsje eins allinne oan taalbefoardering foar bern oant sân jier, mar freegje âldere bern ek om Frysktalige boeken. De FNP wol dat it kolleezje fan deputearre steaten dêr rekken mei hâldt by it meitsjen fan in nije taal- en kultuernota.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)