Te min froulike húsdokters

23 jul 2000 - 18:03

Der is yn Fryslân in grut tekoart oan froulike húsdokters. Dat skriuwt de Ombudsman fan soarchfersekerder De Friesland yn it jierferslach. Hieltyd faker komt it foar dat froulju net troch in manlike dokter behannele wurde wolle om persoanlike redenen.

In oar probleem is de ferplichte feroaring fan dokter by ferhuzing, ek al is dat yn deselde stêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)