Te min bewiis foar ûntfiering

21 mrt 2010 - 21:09

De plysje hat in 28-jierrige Ljouwerter frijlitten, dy't earder dit wykein fertocht waard fan ûntfiering fan in 18-jierrich famke út de buert fan Rotterdam. De man waard yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden.

De plysje hat gjin oanwizings dat it famke ferplichte is mei de man nei Ljouwert ta te gean. De man hat har ek net seksueel misbrûkt. De frou hat in ferstanlike beheining en har âlden hiene freed de plysje warskôge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)