Te min besikers foar Stipehûs

02 apr 2008 - 11:23

It Stipehûs yn Kollumersweach hâldt nei trije jier op. It servicepunt foar âlderein wurdt te min besocht. It hûs wie in inisjatyf fan Meckamastate, Friese Land en korporaasje Thús Wonen.

Minsken mei fragen oan dy ynstânsjes koene telâne by it stipepunt. Dat siet yn de byb fan Kollumersweach. Mooglik is dat in oarsaak fan te min besikers om't dy lokaasje te publyk is foar persoanlike fragen. Der wurdt no socht om in oar plak foar it stipepunt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)