Te min befallings op eilannen

24 jun 2003 - 00:00

Húsartsen op de Waadeilannen soene jierliks staazje rinne moatte op in ôfdieling ferloskunde fan in sikehûs op de fêste wâl. De húsartsen dogge oars te min befallings om har kennis op peil te hâlden. Dat docht bliken út ûndersyk fan de ynspeksje foar de sûnenssoarch.

De ferloskunde op de Waadeilannen is goed regele. Der wurde net mear kalamiteiten meld as earne oars, hoewol't der gjin sikehuzen binne en allinne de húsartsen befallings dogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)