Te min attraksjes yn Fryslân

17 maaie 2006 - 22:31

Toeristen yn Fryslân misse op't stuit goeie minwaarfoarsjennings en attraksjes yn ús provinsje. Dat binne in pear fan de belangrykste konklúzjes út in ûndersyk fan it Ynstitút Service Managemint fan de CHN yn Ljouwert.

Deitoeristen binne it meast tefreden oer Drinte. Dy provinsje krijt in 7,9 as rapportsifer. Fryslân moat it dwaan mei in 7,7 en Grinslân mei in 7,6. Der binne yn totaal trije tuzen toeristen ûnderfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)