Te min arguminten besunigings

30 maaie 2005 - 16:40

Deputearre Steaten moatte mei bettere arguminten komme foar de besunigings op kultuer dy't se foarsteld ha. Dat skriuwe de steatefraksjes fan CDA, PvdA en VVD yn in brief oan it kolleezje.

De steaten fine dat se gjin ôfwaging meitsje kinne baseare op de meagere ynformaasje dy't se oant no ta krigen ha. By de behanneling fan de nota waard dúdlik dat de kulturele ynstellings yn Fryslân net te sprekken binne oer de plannen fan Deputearre Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)