Te Loo bemiddelet yn Gaasterlân

22 nov 2006 - 13:19

Ald-boargemaster Te Loo fan Ljouwert sil bemiddelje by de bestjoerskrisis yn Gaasterlân-Sleat. Dit nei oanlieding fan gesprekken tusken de Kommissaris Nijpels mei boargemaster De Roos en de fraksjefoarsitters yn de gemeente.

De problemen yn Gaasterlân-Sleat hawwe te krijen mei it feit dat de gemeente ûnder finansjeel tafersjoch stiet. Ek is der in riedsgriffier opstapt en is in topamtner skorst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)