Te lange wachttiden ambulânse

29 sep 2009 - 17:03

De besteande konkurrinsje tusken ambulânses fan Kijlstra en it UMCG yn Fryslân makket dat pasjinten soms om 'e nocht te lang wachtsje moatte. De meldkeamer moat de oanfragen earlik ferdiele tusken de ferskate oanbieders en dat kostet tiid.

Dat seit bestjoerslid Hiddes fan de nije stichting Ambulânsesoarch Fryslân, in gearwurking tusken it UMCG en de ambulânses fan it sikehûs yn Snits. Yn Fryslân binne de oanrydtiden al langer as wetlik foarskreaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)