Te hyt foar bradery Hurdegaryp

02 aug 2013 - 14:18
  • Freed wurdt de earste strândei fan dit jier

De bradery fan Hurdegaryp is skrast yn ferbân mei de waarmte. De merk soe freed hâlden wurde tusken 11.00 oant en mei 17.00 yn it sintrum fan it doarp. Der soene 25 diskes komme te stean. It bedriuw Blouwmarkten út Ljouwert soe de bradery organisearje.

Eigener Milano Blouw fynt it mei dit waar net ferantwurde om de bradery trochgean te litten. Ferline jier makke hy mei dat minsken omfoelen fanwege it waarme waar en hy hat gjin ferlet om dat op 'e nij mei te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)