Te hurde wyn: SKS-silerij De Lemmer giet net troch

29 jul 2015 - 11:10

It SKS Skûtsjesilen op De Lemmer giet woansdei net troch. De wyn is te hurd. It is al de tredde wedstriid dy't dizze wike skrast wurdt. Earder gong de silerij by Starum net troch. Tiisdei stie by Wâldsein de ynhelwedstriid op it programma, mar ek doe waaide it te hurd.

De kommisje fan Snits hat woansdei oanbean dat der freed, op 'e slotdei, twa wedstriden syld wurde kinne. Om't it net yn de regeleminten stiet, moat de SKS-kommisje hjir earst oer te set. Tongersdei wurdt dúdlik oft de SKS it tastiet.

De skippers dogge woansdeitemiddei in alternatyf programma. Se sille by It Dok te koarksekslaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)