Te hurd riden grutste probleem

17 aug 2010 - 10:26

Te hurd riden is neffens de ynwenners fan Weststellingwerf it grutste probleem yn harren gemeente. Dat docht bliken út de feilichheidsmonitor dy't foar dy gemeente makke is. Sawat 300 ynwenners hawwe oan it ûndersyk meidien.

De ynwenners fan Weststellingwerf hawwe fierder in soad argewaasje fan hûnestront op 'e stoepen en groepen jongeren dy't op dyk omhingje. In protte minsken fine dat der te min plysje op strjitte te sjen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)