Te hurd op A32, rydbewiis kwyt

26 okt 2012 - 10:25

De plysje hat tongersdeitejûn fan trije automobilisten it rydbewiis ynnaam. De mannen rieden te hurd oer de A32 by Wurdum. Fanwege de wurksumheden oan de dyk is de maksimumsnelheid dêr no tydlik 70 kilometer. De bestjoerders, twa Ljouwerters fan 21 en 35 jier en in 33-jierrige Amsterdammer, rieden mei 126 kilometer by de plysje lâns. Se hawwe in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)