Te gast by ried SW-Fryslân

17 des 2012 - 21:33
  • It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân yn Snits

De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân is populêr by de ynwenners. Dat docht bliken út de massale oanmelding foar it projekt "Gast van de Raad". Minsken kinne har opjaan om mear te hearren oer it wurk fan de gemeenteried en de riedsleden. Men krijt by de gemeenteriedsgearkomste in spesjale VIP-behanneling en krijt tekst en útlis op it gemeentehús.

It plan wie om 'Gast van de Raad' om de moanne mei 10 ynwenners te hâlden, mar troch de grutte belangstelling wurdt dat no alle moannen en meie der 15 gasten komme.

Belangstellenden kinne har noch altyd opjaan by de gemeente, mar it wurdt wol takom simmer foardat se oan de beurt binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)