Te folle wyn foar IFKS-silerij

18 jun 2010 - 12:58
  • IFKS-skûtsjes op Burgumermar (foto: Martin de Jong)

De wedstryd dy't de skûtsjes fan de IFKS sneon sile soene op de Burgumermar giet net troch. De organisaasje tinkt dat der tefolle wyn stean sil. Omdat der foar de kommende tiid al wedstriden pland binne, wurdt de wedstryd net ynhelle.

Ek it parkmoarnsbrochje yn Harns giet sneon fanwege de waarsferwachting net troch. Dat wurdt in wike letter ynhelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)