Te folle ûngelokken by Sumar

27 aug 2009 - 15:09
  • Aksje tsjin gefaarlike bocht by Sumar

Op de dyk tusken Sumar en Eastermar barre te folle ûngelokken. Dat fine de bewenners fan de Greate Buorren yn Sumar. Sy wolle dat de gemeente de dyk gau feiliger meitsje moat. Neffens de bewenners fleane der by in s-bocht yn de dyk wol gauris minsken út 'e bocht tsjin in beam of yn 'e sleat.

Ut sifers fan 'e plysje docht bliken dat der sûnt 2006 tolve ûngemakken op de dyk west hawwe. De gemeente sil ynkoarten mei de bewenners en doarpsbelang om de tafel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)