Te folle smoarch wetter loasd

01 maaie 2009 - 15:34

Yn it Fryske bûtenwetter wurdt noch te folle smoarch wetter loasd troch boatsjeminsken. It giet dan benammen om it trochspielen fan it húske. Sûnt jannewaris is dat ferbean en moatte minsken it wetter opheine en nei in spesjale pomp yn de jachthaven bringe.

Fan dy pompen binne der noch fierste min. Ek oan board fan de measte boaten is noch lang net alles op oarder. In opfangtank ûntbrekt meastentiids. Ek skippers mei wol sa'n tank oan board, hâlde har net altyd oan de regels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)