'Te folle leven by oefening'

23 apr 2012 - 07:49
  • F-16

De grutte loftmachtoefening Frisian Flag kin net nochris hâlden wurde op de manier wêrop't dat de ôfrûne dagen op de Ljouwerter fleanbasis barde. Dat konkludearret Doarpsbelang Marsum op basis fan lûdsmjittings ûnder de oefening.

De mjittings giene de ferwachtings fier te boppe, foaral by it lêste diel fan de oefening op freedtemoarn. Doe brûkten de F16's de neiferbaarners en waard twa kear goed 130 desibel metten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)