Te folle guozzen yn Fryslân

15 jun 2007 - 21:58
  • 'Skeafergoeding guozzen is te leech'

Hieltiden mear boeren ha it dreech mei it gedogen fan guozzen op harren lân. Se krije dêrfoar in skeafergoeding, mar it tal guozzen is de ôfrûne jierren sa bot tanommen dat it der eins tefolle wurde. De skeafergoeding soe ek ûnfoldwaande wêze. Dat seit de CDA-steatefraksje.

De partij wol dat deputearre Andriesen mei de minister fan Lânbou en Natoer om 'e tafel giet om ôfspraken te meitsjen oer de guozzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)