Te folle festivals yn Ljouwert

05 sep 2002 - 00:00

Ljouwert hat te folle festivals, sa fynt kultuerwethâlder Brok. Fan 'e tolve eveneminten wol er in grut tal skrasse. Op 't lêst moast der dan trije oant fiif topfestivals oerbliuwe. Dy soene dan mear jild krije moatte.

De ynternasjonale foto-útstalling Noorderlicht is sa'n topattraksje neffens Brok. De wethâlder hat der wol 30.000 euro mear foar oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)