Te droech foar ierpeldollen

17 aug 2009 - 19:10
  • De boeren wachtsje op wetter

It hat in prachtige simmer west foar de bouboeren. Der wurde dit jier dan ek hege opbringsten ferwachte, mar dat bestjut dan wol dat de prizen leech wêze sille. Troch it droege waar helje de masines benammen it weet moai skjin fan it lân ôf.

De ierpels kinne lykwols noch net dold wurde. De grûn is te hurd en de ierpels gean stikken as se der no úthelle wurde. It wachtsjen is op in goede bui.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)