Te djoere medisinen foarskreaun?

12 sep 2003 - 00:00

Fryske pasjinten krije mooglik noch hieltyd te djoere medisinen levere en foarskreaun troch harren apteker of húsarts. It giet benammen om long- medisinen, maachsoerremmers en golestorol-ferleegjende medisinen.

Soarchfersekerder De Friesland docht dêr ûndersyk nei en wol witte op hokker skaal dat bart. Yn kontrakten mei aptekers en húsartsen is fêstlein dat se goedkeapere middels brûke, as it medisyn deselde wurking hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)