T'diel:trochgean mei sponsorje

08 aug 2009 - 12:44

Bedriuwen moatte grutte eveneminten net yn de steek litte en trochgean mei sponsorje, ek al wurdt minder winst makke. Dy oprop docht sportwethâlder Doeke Fokkema fan Tytstjerksteradiel.

Fokkema is benaud dat it skrassen fan sponsorjild it earste is dat in bedriuw docht as minder winst makke wurdt. Fokkema fynt dat bedriuwen ek in maatskiplike rol ha. De kâns bestiet nammentlik dat as in evenemint ien kear net troch giet it wolris definityf gebeurd wêze kin, sa seit er.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)