T'diel freget om Alde Feanen

21 okt 2010 - 10:28

Tytsjerksteradiel hat yn in brief oan buorgemeente Boarnsterhim op 'e nij oantreaun op it taheakjen fan De Alde Feanen oan Tytsjerksteradiel. It natuergebiet heart op dit stuit by Boarnsterhim, mar dy gemeente wurdt opdield. B&W fan Boarnsterhim wolle it gebiet oerdwaan oan Ljouwert. De ried nimt hjir op 9 novimber in beslút oer.

Neffens Tytsjerksteradiel moat it gebiet ûnder ien gemeente falle en heart it net yn de achtertún fan in stêd as Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)