Tchakoua moat nei Kameroen

29 aug 2012 - 13:00

De rjochtbank yn Assen hat tiisdei útsprutsen dat Claude Bruno Tchakoua útset wurde mei. Tchakoua hat trije bern by in frou út It Hearrenfean. Troch syn útsetting sil de húshâlding ferskuord reitsje seit de advokaat. Dat om't neffens him de mem net foar de bern soargje kin, dy sille dêrom nei syn útsetting troch buro Jeugdsoarch út hûs pleatst wurde.

De IND seit dat it feilich is yn Kameroen, dat Tchakoua wol werom kin en dat it yn it belang fan de Nederlânske Steat is dat hy útset wurdt.

Tchakoua sil de útsetting no oanfjochtsje by de Steatsried. Neffens syn advokaat is it needsaaklik foar de trije bern dat er hjir bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)