Tbs Sietske H. ferlingd

04 nov 2014 - 13:37

Sietske H. út Nij Beets bliuwt noch seker in jier fêstsitten. Har tbs is mei ien jier ferlingd, sa bepaalde de rjochtbank yn Ljouwert tiisdei. De 27-jierrige Sietske H. sit fêst omdat se fjouwer fan har eigen krektberne poppen om it libben brocht hat. Se is yn heger berop feroardiele ta trije jier sel mei tbs.

Sietske H. ferbliuwt sûnt desimber 2012 yn de Van der Hoevenklinyk yn Utrecht. It giet wer wat better mei har. De rjochtbank achtet de kâns dat de frou op 'e nij ferfalt ta agressyf gedrach lyts, dêrom de tbs-ferlinging mei ien jier.

De rjochtbank fynt wol dat de behanneling noch op syn minst in jier trochset wurde moat, omdat de saak earnstich is en omdat de maatskippij nochal skokt wie.

Sietske H. waard yn novimber 2011 troch de Ljouwerter rjochtbank feroardiele foar it om it libben bringen fan fjouwer fan har eigen krektberne poppen tusken 2003 en 2009. Se krige dêr yn earste ynstânsje tolve jier selstraf fan de rjochtbank foar, omdat de frou doe noch wegere om mei te wurkjen oan in behanneling. Yn heger berop waard de hege straf omset yn trije jier selstraf mei tbs en twangferpleging. It giet om Sietske H. har earste tbs-ferlinging. De útspraak is konform de eask fan de offisier fan justysje. De útspraak is wol opmerklik, omdat yn de praktyk by in earste tbs-ferlinging faak twa jier oplein wurdt. De rjochtbank sil oer in jier op 'e nij besjen hoe't it fierder moat mei Sietske H.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)