'TBS as lêste rêdmiddel'

27 jul 2004 - 13:41

Rjochters gripe te gau nei tbs, wylst der ek alternative straffen binne. Dat fynt advokaat Van der Goot. Mei Wim Anker stiet er de man by dy't derfan fertocht wurdt in famke (13) út Eibergen ûntfierd en misbrûkt te hawwen. Hy wie nei proef-ferlof net nei de tbs-klinyk weromgien.

Rjochters moatte neffens de Van der Goot faker tbs mei betingsten oplizze om sa wachtlisten yn te koartsjen. Tbs is it lêste redmiddel seit de advokaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)