TBS easke foar bernemisbrûk

13 jan 2011 - 12:57

Justysje hat tongersdei trije jier sel en TBS easke tsjin in 33-jierrige Harnzer. De man wurdt fertocht fan seksueel misbrûk fan trije eigen bern en in styfbern. De man soe dat dien ha tusken 2008 en 2010. De bern wiene doe tusken de 6 en 16 jier âld.

Ut ûndersyk nei de persoanlike omstannichheden die bliken dat alle gesinsleden in ferstanlike beheining ha. Dochs fynt justysje it wichtich dat de man in langere tiid út de mienskip ferdwynt en opnommen wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)