TBS Beetstersweachster ferlingd

06 nov 2003 - 00:00

De TBS fan 'e Beetstersweachster dy't yn 1996 syn doe 4-jierrich buorfamke misbrûkte en fermoarde, is mei twa jier ferlingd. De jonge is no 23 jier âld. Hy waard yn 1997 feroardiele ta twa jier sel mei TBS en twangferpleging. Alle pear jierren wurdt besjoen oft de TBS ferlingd wurde moat. De rjochtbank fan Ljouwert fûn yn juny dat ferlining net hoechde. Mar it OM gie yn heger berop en de rjochtbank yn Arnhim ferlingde de TBS wol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)