TBC-test kin flugger by GGD

14 nov 2003 - 00:00

Yn it nije gebou fan de GGD yn Ljouwert is it mooglik om fluch op TBC te testen. De GGD hat spesjale apparatuer krigen om binnen inkelde minuten te ûntdekken oft der sprake is fan TBC. Gewoanwei duorret dat in pear dagen.

It nije gebou dat 11 miljoen euro koste hat, waard freed iepene. It biedt ûnderdak oan hast 200 meiwurkers. In wichtige taak fan de GGD binne de reisfaksinaasjes. It tal ynintings foar fakânsjegongers nimt noch hieltyd ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)