TBC-kontaktûndersyk ROC Drachten

23 jun 2006 - 10:21

GGD Fryslân start takom wike in TBC- kontaktûndersyk op ROC De Friese Poort yn Drachten. Sa'n hûndert studinten en dosinten fan it ROC, dy't in risiko op besmetting oprûn ha, wurde ûndersocht.

De belutsenen ha dizze wike in útnoegingsbrief fan de GGD fia de skoalle krigen. Begjin juny is iepen tuberkulose (TBC) ûntdutsen by in 21-jierrige studint fan it ROC yn Drachten. De pasjint is isolearre en wurdt behannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)