TBC konstatearre yn Harns

16 nov 2005 - 10:12

Der is in besmetlike foarm fan TBC konstatearre by in 43-jierrige frou út Harns. De frou is opnommen yn Haren en sil dêr behannele wurde.

Yn it ferline is sy al earder behannele foar tuberculose. De GGD Fryslân is mei in saneamd kontaktûndersyk begûn. Dat betsjut dat minsken dy't yn kontakt west hawwe mei de frou ûndersocht wurde sille op in mooglike besmetting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)