Tbc konstatearre by Harnzer

15 feb 2006 - 17:06

By in 45-jierrige man út Harns is in besmetlike foarm fan tbc konstatearre. De man is foar behanneling opnaam yn sikehûs MCL yn Ljouwert. De GGD Fryslân is út ein set mei in kontaktûndersyk.

Persoanen dy't foar dit ûndersyk yn oanmerking komme, wurde ynformearre troch de GGD. Foarearst liket der gjin relaasje te wêzen mei oare tbc-besmettings yn Harns. Ek is der gjin relaasje mei de hoareka.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)