Tbc by finzene yn Marwei

05 jun 2007 - 13:38

In finzene (43) yn 'e De Marwei yn Ljouwert hat in besmetlike foarm fan tuberkuloaze. De man is fuortendaliks apart set en mei medisinen behannele. Hy is ek al oerpleatst nei it sikehús foar finzenen yn Skeveningen. De man siet sûnt in tal wiken yn De Marwei yn Ljouwert.

De GGD-Fryslân is dwaande mei in ûndersyk ûnder it persoaniel en finzenen dy't mei de man omgiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)