TBC fêststeld yn Ljouwert

05 nov 2012 - 15:51

Dizze simmer is yn Ljouwert TBC konstatearre by in persoan dy't in pear wike yn de stêd wie. It giet om in besmetlike foarm fan TBC en de pasjint wurdt dêr no ek foar behannele. De GGD fan Fryslân is in ûndersyk begûn ûnder minsken dy't mooglik kontakt mei de besmette persoan hân hawwe. Doel fan it ûndersyk is om eventuele besmettings op te spoaren en dy minsken previntyf te behanneljen om sa TBC foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)