Tatra-moeting yn Langwar

16 sep 2006 - 15:01

Der toere op dit stuit 35 Tatra's troch Fryslân. It giet om Tsjechyske aldtimers fan foar de jierren '60. De eigners komme alle jierren byinoar om te pronkjen mei har lúkse auto's. Langwar is it moetingsplak; sneon rydt de kolonne nei Harns en Frjentsjer.

Tatra's wurde net mear makke. De auto wie benammen populêr by kommunistyske partijbazen yn it eardere eastblok. De Nederlânske Tatra-feriening waard yn 1986 oprjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)