Tastân seehûn ridlik goed

08 jun 2007 - 13:37

It giet ridlik goed mei de seehûn en it jong dat woansdeitejûn it libbensljocht seach by it gebou fan Rykswettersteat op It Amelân. Beide seehûnen sitte yn 'e seehûnekres yn Pieterburen.

De seehûn lei te smiten op it strân by Bueren, mar dat duorre te lang. Omstanners fertrouden it net. De seehûn is doe nei it gebou fan Rykswettersteat brocht. Dêr hat in bistedokter it memmebist holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)