Tastân orka ridlik goed

24 jun 2010 - 13:12
  • De orka yn Dolfinarium yn Hurderwyk

It giet ridlik goed mei de orka dy't woansdeitejûn fongen is op de Waadsee. Mar de fersoargers fan it bist yn it Dolfinarium yn Hurderwyk doare net te sizzen dat it wer hielendal goed komt. It bysûndere bist fan 3,5 meter waard tiisdei foar it earst sjoen troch meiwurkers fan LNV. Omdat it bist bekôf wie waard woansdeitejûn troch meiwurkers fan LNV en fan it dolfinarium yn Hurderwyk besocht it bist te fangen. En mei sukses.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)