Tastân gymliedster ferbettere

16 mrt 2010 - 11:17
  • It giet wer better mei de slachtoffers

It giet nei omstannichheden ridlik mei de liedster fan Gymnastykferiening Leeuwarden, dy't snein troffen waard troch in fallende ljochtmêst. De 24-jierrige frou is sneintejûn opereard en wie dêrnei ridlik gau wer by kennis. Nei alle gedachten moat se noch in wike yn it UMCG bliuwe foardat se nei it sikehûs yn Ljouwer giet.

Mei it 4-jierrich famke dat ek ferwûne rekke, giet it ek goed. Neffens de lêste berjochten sil se neat oan it ûngelok oerhâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)